Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Elizabeth II

Elizabeth Alexandra Mary (21 april 1926) is sûnt 1952 keninginne fan it Feriene Keninkryk en steatshaad fan de lannen yn it Britske Mienebest. Fan de Windsor-dynasty is sy de fjirde monarch.

Yn 1947 boaske Elizabeth mei Philip Mountbatten, in Grykske prins dy't dêrtroch de Britske nasjonaliteit ferkrige. Sy hawwe fjouwer bern: Charles (1948), Anne (1950), Andrew (1960) en Edward (1964). As yn 1952 kening George VI ferstjert folget sy him op.

Har regearingsperioade wurdt skaaimerke troch it fierder útinoar fallen fan it Britske koloniale ryk, ôfnimmende macht fan de Britse aristokrasy en tanimmende ynfloed fan de massamedia op de byldfoarming rûn it keningshûs.

Stambeam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elizabeth II,
Keninginne fan it Feriene Keninkryk

(1926-)
Heit:
George VI,
Kening fan it Feriene Keninkryk

(1895–1952)
Pake:
George V,
Kening fan it Feriene Keninkryk

(1865–1936)
Oerpake:
Eduard VII,
Kening fan it Feriene Keninkryk

(1841–1910)
Oerbeppe:
Alexandra,
Keninginne fan it Feriene Keninkryk,
prinsesse fan Denemark

(1844–1925)
Beppe:

Victoria Maria,
Keninginne fan it Feriene Keninkryk,
prinsesse fan Teck

(1867–1953)
Oerpake:
Frans,
hartoch fan Teck

(1837–1900)
Oerbeppe:
Maria Adelheid,
Hartoginne fan Teck,
prinsesse fan Grut-Brittanje

(1833–1897)
Mem:
Elizabeth Bowes-Lyon,
keninginne fan it Feriene Keninkryk

(1900–2002)
Pake:
Claude Bowes-Lyon,
greve fan Strathmore en Kinghorne

(1855–1944)
Oerpake:
Claude Bowes-Lyon,
greve fan Strathmore en Kinghorne

(1824–1904)
Oerbeppe:
Frances Bowes-Lyon,
grevinne fan Strathmore en Kinghorne

(1833–1922)
Beppe:
Cecilia Bowes-Lyon,
grevinne fan Strathmore en Kinghorne

(1862–1938)
Oerpake:
Charles Cavendish-Bentinck
(1817–1865)
Oerbeppe:
Louisa Cavendish-Bentinck
(1832–1918)