Twitter

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Twitter

Twitter is in Amerikaansk bedriuw en in ynternettsjinst dêr't brûkers berjochtsjes fan maksimaal 140 tekens mei publisearje kinne. It is in netwantstee dêr't jin, lykas by Facebook, in profyl en in avatar oanmjitte kin. It brûken fan de Twitter-tsjinst is fergees.

De aktiviteit by it brûken fan Twitter hjit twitterje (of tweeten), dat 'tsjetterje' betsjut. It logo fan Twitter is in fûgeltsje. Twitterje betsjut dat jo op dit stuit kommunisearje fia in mikrowebloch op in pc, in mac of gsm, smartphone of oare mobyl apparaat mei oansluting op it ynternet. De kombinaasje fan weblogjen mei instant messaging wurdt mikroblogjen neamd.

Oarpronklik wie de fraach fan de tsjinst "Wat dochste?". No is it "Wat bart der?"[1] Elke twitterder kin op elk momint fan de dei yn maksimaal 140 tekens fertelle wêr't hy/sy mei dwaande is, wat hy/sy fan plan is of wat him/har dwaande hâldt. Der binne ek minsken dy't foarôf oankundigje dat se by in evenemint wêze wolle en mei oaren, al as net oanwêzich by it evenemint, twitterje wolle. Dat kreëart in firtuele oanwêzichheid.

Fryske Twitterbutton

Fryske button[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Webûntwerpster Liesbeth Hiddema út Reduzum wie dwaande mei in Fryske webside, mar doe't se gjin twitterbuttons yn de 'memmetaal' fine koe makke se sels ien. Fia de Ried fan de Fryske Beweging is sa'n byldkaike yn te laden.

It Stekje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Stekje (Ingelsk Hash) kombinearre mei ien trefwurd foarmet by twitter in 'stekwurd' (hashtag). It stekje wurdt sûnder spaasje foar it wurd setten, lykas „#wikipedia “. Yn tsjinstelling mei oare markear-konsepten wurde de stekjes direkt yn it eigentlike berjocht skreaun. Elk wurd dêr't in stekje foar sit, wurket op dy wize as in mark en lit him dêrtroch fine.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. |titel=Twitter Blog: What's Happening |uitgever=Twitter, Inc. |datum=19 nov 2009 |bezochtdatum=19 okt 2011 |taal=ingelsk