Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Elizabeth Alexandra Mary (21 april 1926) is sûnt 1952 keninginne fan it Feriene Keninkryk en steatshaad fan de lannen yn it Britske Mienebest. Fan de Windsor-dynasty is sy de fjirde monarch.
Yn 1947 boaske Elizabeth mei Philip Mountbatten, in Grykske prins dy't dêrtroch de Britske nasjonaliteit ferkrige. Sy hawwe fjouwer bern: Charles (1948), Anne (1950), Andrew (1960) en Edward (1964). As yn 1952 kening George VI ferstjert folget sy him op.
Har regearingsperioade wurdt skaaimerke troch it fierder útinoar fallen fan it Britske koloniale ryk, ôfnimmende macht fan de Britse aristokrasy en tanimmende ynfloed fan de massamedia op de byldfoarming rûn it keningshûs.
Stambeam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Elizabeth II, Keninginne fan it Feriene Keninkryk (1926-) |
Heit: George VI, Kening fan it Feriene Keninkryk (1895–1952) |
Pake: George V, Kening fan it Feriene Keninkryk (1865–1936) |
Oerpake: Eduard VII, Kening fan it Feriene Keninkryk (1841–1910) |
Oerbeppe: Alexandra, Keninginne fan it Feriene Keninkryk, prinsesse fan Denemark (1844–1925) | |||
Beppe: Victoria Maria, Keninginne fan it Feriene Keninkryk, prinsesse fan Teck (1867–1953) |
Oerpake: Frans, hartoch fan Teck (1837–1900) | ||
Oerbeppe: Maria Adelheid, Hartoginne fan Teck, prinsesse fan Grut-Brittanje (1833–1897) | |||
Mem: Elizabeth Bowes-Lyon, keninginne fan it Feriene Keninkryk (1900–2002) |
Pake: Claude Bowes-Lyon, greve fan Strathmore en Kinghorne (1855–1944) |
Oerpake: Claude Bowes-Lyon, greve fan Strathmore en Kinghorne (1824–1904) | |
Oerbeppe: Frances Bowes-Lyon, grevinne fan Strathmore en Kinghorne (1833–1922) | |||
Beppe: Cecilia Bowes-Lyon, grevinne fan Strathmore en Kinghorne (1862–1938) |
Oerpake: Charles Cavendish-Bentinck (1817–1865) | ||
Oerbeppe: Louisa Cavendish-Bentinck (1832–1918) |
Kategoryen:
- Kening fan it Feriene Keninkryk
- Ingelsk filantroop
- Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Ingelsk persoan fan Deensk komôf
- Ingelsk persoan fan Dútsk komôf
- Ingelsk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Ingelsk persoan fan Iersk komôf
- Ingelsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Ingelsk persoan fan Russysk komôf
- Ingelsk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan berne yn 1926